Skiednisklip is in ynteraktive wurkwize werby’t de bern neffens de stappen fan it ûndersykjend learen te wurk geane.
Fryslân hat in rike skiednis. In soad fan dizze skiednis is fêstlein en te finen yn musea, boeken en byldmateriaal. Der is lykwols ek in protte materiaal dat net foar in grut publyk beskikber is. Dy spesifike skiednis sit yn ferhalen fan pakes en beppes. Mei Skiednisklip geane de bern mei de mûnlinge skiednis oan ’e slach. Se sette pakes en beppes der ta oan om de kultuerhistoaryske eleminten fan souders en út doazen tefoarskyn te heljen en deroer te fertellen.
Fanút de skoallen geane de bern op ’en paad om aktyf en ûndersykjend te learen en om de kultuerhistoaryske skiednis fan harren eigen omjouwing yn kaart bringen. Se geane op ’e syk nei histoarysk materiaal en nei de ferhalen dy’t dêrby hearre. Dat wurdt allegear fêstlein yn ’e foarm fan koarte fideoklips en weblochs. Dat materiaal wurdt presintearre yn de Skiednisklip-app en op de webside www.11en30.nu. Op dizze wize wurdt de regionale skiednis ûntsletten foar in breder publyk.
De bern wurde middels ynstruksjefilmkes troch de stappen fan ûndersykjend en ûntwerpend leren hinne laat.
Dy stappen binne:
• Wat wolle we witte?
• Wat is der te finen en wêr is it te finen?
• It meitsjen fan in plan fan oanpak
• It útfieren fan it plan
• It ferwurkjen fan it sammele materiaal ta in fideoklip en webloch
• It presintearjen fan de fideoklip en it webloch yn Skiednisklip en op www.11en30.nu
• It reflektearjen op de wurkwize en op it ûnderwerp
Skiednisklip stipet de kearndoelen fan it basisûnderwiis en de kompetinsjes dy’t hearre by de 21st-Century skills:
• Kearndoel: De bern leare gebrûk te meitsjen fan ienfâldige histoaryske bronnen en se leare oantsjuttings fan tiid en tiidsyndielingen te hantearjen.
• Kearndoel: De bern leare oer kenmerkjende aspekten fan de tiidrekken sa as fêstlein yn de Hollânske en Fryske kanon.
• 21st-Century skills: gearwurkje, probleemoplossend fermogen, kreativiteit en ynnovaasje, kritysk tinke, kommunisearje, ict-feardichheden en sosjale en kulturele feardichheden.
Wolle jo stipe wurde by de ymplemintaasje fan dizze wurkwize, dan kinne jo kontakt opnimme mei de Afûk.
It Tony Feitsma Fûûns stipet jierliks de moaiste Skiednisklip mei de Tony Feitsmapriis. De priis bestiet út in iMac en fjouwer iPads.